Achterlitten auto mei draaiende motor stellen

17 feb 2019 - 13:02

Yn Harns makke in dief sneontejûn gebrûk fan in momint fan ûnoplettendheid fan in automobilist. It slachtoffer hie syn auto nammentlik mei draaiende motor stean litten en wie der eefkes by wei rûn. De dief seach dat, stapte gau yn en ried doe fuort.

Foto: Stock.XCHNG, Crystal Ayala

De plysje koe de dief úteinlik op de A31 by Dronryp achterhelje. Hy sit fêst foar ûndersyk.

Trefwurden: 
auto stellen
(Advertinsje)
(Advertinsje)