Nederlânske bob einiget op 17e plak wrâldbeker yn Lake Placid

17 feb 2019 - 10:43

Bobslider Dennis Veenker fan It Hearrenfean is mei syn team op in santjinde plak einige by de wrâldbekerwedstriden yn Lake Placid yn Amearika.

Foto: Viesturs Lācis | IBSF

It team fan Veenker, mei dêryn ek Ivo de Bruin, Franjic Janko en Dumas Joost einigen yn de earste run op in achttjinde plak, mar koene yn har twadde run wat tiid goedmeitsje. Se einigen yn de twadde run op in alfde plak, en hiene úteinlik in achterstân fan 1,23 sekonden op de úteinlike winner: de bob fan Krips, Coakwell, Sommer en Stones út Kanada.

Trefwurden: 
bobslydzje Dennis Veenker
(Advertinsje)
(Advertinsje)