'Opskuor' en betinking foar Fryske Oranjestrider

Yn Aldwâld wurdt it hiele wykein stilstien by de 222e stjerdei fan Jan Binnes. Hy wie ien fan de lieders fan it Kollumer Oproer. Him waard op 18 febrewaris 1797 sûnder proses de holle ôfslein.
© Museum Dokkum
Binnes wie tegearre mei Salomon Levy de lieder fan de opstân fan Oranjesinden tsjin de Frânske oerhearsing. Sneintemiddei is der in offisjele betinking mei ûnder oare histoarikus Oebele Vries. Om it barren oan te kundigjen wie der sneon 'opskuor' yn it doarp, wêrby't in groepke manlju yn histoaryske kostúms mei in grutte trommel op in hynder-en-wein troch it doarp rieden.
Moandei wurdt de flagge útstutsen foar de man dy't der mei foar soarge hat dat de Oranjes hjir no binne. Yn july fynt der dan noch in grut teäterspektakel oer it Kollumer Oproer plak.
Yn Aldwâld hinget in tinkstien oan de tsjerke ta neitins oan Jan Binnes. Yn it doarp is ek in Jan Binneswei. Fierders is yn Surhústerfean ek in strjitte nei him neamd, de Jan Binnesleane.