Darter Noppert útskeakele op darttoernoai yn Wigan

De Fryske darter Danny Noppert is net fierder kaam as de lêste 64 yn it tredde Players Championship yn it Ingelske Wigan.
© Orange Pictures
Noppert strâne by de lêste 64 troch fan Jamie Lewis út Wales te ferliezen mei 6-4. De ronde dêrfoar hie er mei 6-1 oertsjûgjend wûn fan de Ingelsman Joe Murnan.
It toernoai waard wûn troch de Nederlanner Michael van Gerwen. Hy spile in fantastyske finale tsjin de Ingelsman Ian White. It waard 8-5 foar Van Gerwen.