Kuorballers Mid-Fryslân ferlieze wedstriid tsjin Dalto

17 feb 2019 - 09:03

De kuorballers fan Mid-Fryslân hawwe sneon de wedstriid tsjin Dalto ferlern mei 29-34. Beide ploegen wiene reedlik oaninoar weage mei tuskenstannen fan 10-10, 16-14 en 25-25. Mar it wie dochs de ploech út Driebergen dy't de winst opstrykte. Mid-Fryslân moast it mei in einstân fan 29-34 dwaan.

Foto: Orange Pictures

De oare Fryske klup yn de haadklasse B, SCO út Aldeholtpea, spilet sneintemiddei út tsjin Wageningen. It begjint om healwei trijen.

Trefwurden: 
kuorbal Mid-Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)