Brânwacht stekt Skylger dúngebiet oan om te oefenjen mei 'back burning'

17 feb 2019 - 07:55

De brânwacht set hieltyd mear yn op it bestriden fan fjoer mei fjoer. Dat seit Henk Schuijn fan de brânwacht, nei in oefening op Skylge. Schuijn is spesjalist yn it bestriden fan natuerbrannen.

De oefening op Skylge - Foto: ProNews

Om it bestriden fan fjoer mei fjoer te testen, hat de brânwacht op Skylge in stik fan in dúngebiet yn de brân stutsen. It gie om in stik fan hast twa bunder grut. Neffens Schuijn is in brânoefening op dizze skaal "heel bijzonder" foar de eilannen.

De brânwacht hie ekstra weinen fan de fêste wâl komme litten, mei saakkundigen op it mêd fan natuerbrannen. Tsientallen brânwachtminsken stiene paraat om yn te gripen, as de situaasje út de hân rinne soe.

It wie net nedich, seit Schuijn. Neffens him wie der "een overkill aan materieel". De feilichheidsmarzje wie grut. "Maar beter mee verlegen, dan om verlegen."

Brân op Skylge

Ien fan de saakkundigen fan de brânwacht hat yn Amearika sjoen hoe't dêr fjoer mei fjoer bestriden wurdt, seit Schuijn. Yn it bûtenlân wurdt dy metoade faker tapast.

Yn it Ingelsk wurdt it 'back burning' neamd. Troch ûnder kontrolearre omstannichheden in lyts fjoer oan te stekken, foar it fjoer dat je bestride wolle út, bliuwt der minder brânber materiaal oer foar it grutte fjoer. Wat opbaarnd is, kin net nochris opbaarne.

Yn Nederlân is minder ûnderfining mei dizze metoade. In pilot fan de Nederlânske brânwacht sit noch yn de proef-faze.

Hieltyd mear natuerbrannen troch klimaatferoaring

Schuijn seit dat it tal grutte natuerbrannen yn Nederlân tanimt. Sa gong der ferline jier by Appelskea 75 bunder lân yn flammen op. En op Skiermûntseach wiene meardere brannen. Letter blykten dy oanstutsen te wêzen.

De brânwacht moat him tariede op noch mear natuerbrannen, seit Schuijn. "Dat komt door de droogte," seit er, "door klimaatverandering."

De simmer fan ferline jier wie sa drûch, dat der no noch altyd sprake is fan in delslachtekoart. Neffens Jan van Weperen fan it Wetterskip is dat "best wel bijzonder".

"Een uitgelezen kans"

De brân op Skylge hat neffens boskwachter Remi Hougee gjin skea feroarsake. De dúndoarn en oare fegetaasje dy't no ôfbaarnd is, hie oars yn de kommende wike ek fuorthelle wurde moatten, seit er. Foar it behear fan de natuer soe it nedich wêze om de boppelaach op te skodzjen.

"We wisten dat de brandweer graag wilde oefenen met het bestrijden van brandende duindoorn," seit Hougee, "en nu we hier de vegetatie toch moesten verwijderen, was dit een uitgelezen kans."

De proef op Skylge wie in sukses, seit Schuijn. "We hebben heel weinig water gebruik. Dat is perfect."

Henk Schuijn fan de brânwacht

De oefening op Skylge - Foto: ProNews
Trefwurden: 
brânwacht Skylge brân
(Advertinsje)
(Advertinsje)