Auto skept fytser op oerstekplak yn Ljouwert
In fytser is sneontenacht ferwûne rekke op in oerstekplak op de krusing Oostergowei-Huzumerleane yn Ljouwert. Dat plak is befeilige mei ferkearsljochten. Nei alle gedachten is de auto of de fytser troch read riden.
De fytser waard skept, bedarre op it foarrút fan de auto en foel dêrnei diels op in flechtheuvel. It slachtoffer is mei ûnbekende ferwûningen nei it sikehûs brocht. De Oostergowei hat in skoftke ôfsletten west foar plysjeûndersyk.