LDODK stevich op tredde plak nei romme winst tsjin leechfleaner KCC

16 feb 2019 - 22:28

LDODK hat mei dúdlike sifers wûn fan KCC út Capelle aan den IJssel. Yn sporthal Koartsweagen waard it 33-24 foar de Gordyksters. Dêrmei stiet LDODK stevich op it tredde plak yn de Kuorbal League.

KCC wurdt traind troch Erik Wolsink. Twa jier tebek wie Wolsink trainer fan LDODK en helle mei de Gordyksters it tredde plak yn de Kuorbal League, noch altyd it bêste seizoen oant no ta. Ferline jier waard hy lykwols op non-aktyf set. Henk Jan Mulder, doe syn assistint, stiet no oan it roer by LDODK.

Yn de earste helte gong it net altyd like soepel foar LDODK. Fan 4-5 achter kaam de ploech knap op 13-8 foar, mar flak foar it skoft waard it wer 13-11. Marjolijn Kroon sette de rêststân 14-11 op it boerd.

Yn de twadde helte liet LDODK der gjin twivel oer bestean wa't de bettere ploech hat op dit stuit. Yn in mum fan tiid waarden de gasten út Súd-Hollân op in ferskil fan njoggen goals set (21-12) en dat ferskil bleau oant de ein ta stean.

By LDODK skoarden Friso Boode en Erwin Zwart 7 kear. Topskoarder fan de wedstryd waard Stefan Dekkers fan KCC mei 9 treffers.

De kommende twa duels wachtet LDODK in pittich programma: oare wike út tsjin konkurrint KZ, in wike letter yn Sassenheim tsjin regearjend lânskampioen TOP.

Op dit stuit sjocht de top fiif der sa út:

1. TOP (Sassenheim) 13-23

2. PKC (Papendrecht) 13-21

3. LDODK (De Gordyk) 13-20

4. KZ (Koog Zaandijk) 13-17

5. Fortuna (Delft) 13-16

Trefwurden: 
LDODK Kuorbal League KCC
(Advertinsje)
(Advertinsje)