PSV komt yn lêste sekonden op likense hichte mei striidber SC Hearrenfean

SC Hearrenfean koe yn eigen hûs net winne fan koprinner PSV. It waard 2-2. Lang like Hearrenfean de winst yn hannen te hawwen. Pas yn de lêste minút makke Donyell Malen de lykmakker.
© www.orange-pictures.nl
Yn de tredde minút wie it Hearrenfean dat de skoare iepene. Mitchell van Bergen dribbele oer rjochts nei binnen en loste in skot. Trochdat de bal oanrekke waard troch in PSV-ferdigener koe keeper Zoet net by de bal en wie it 1-0. Tweintich minuten letter solearde Michel Vlap fan links ôf de 16-meter yn, hy bleau koel en pleatste de bal yn de fiere hoeke. It wie 2-0.
Hearrenfean waard noch in oantal kear gefaarlik en ek PSV kwam der in pear kear trochhinne, mar dy ploech kaam net fierder as ballen op de latte en de peal. Foar de rêst bleau it dus 2-0 yn it Abe Lenstra Stadion.

PSV gefaarlik

Koart nei rêst tocht PSV de 2-1 te meitsjen, mar âld-Hearrenfean spiler Denzel Dumfries stie bûtenpsul doe't er de bal achter doelman Warner Hahn skeat.
Yn de 58e minút wie it wol raak. Yuki Kobayashi, dy't krekt foar rest yn it fjild kommen wie foar Schaars, feroarsake in frije trap. Gaston Pereiro fersulvere dy.
© www.orange-pictures.nl
Dêrnei wie it foaral Hahn dy't belangryk wie doe't hy ynsetten fan ûnder oaren Steven Bergwijn, Luuk de Jong en Cody Gakpo tsjinholde.
Hearrenfean like foar it earst sûnt desimber thús wer ris thús te winnen, mar yn de lêste minút wie it Donyell Malen dy't dochs noch lyk makke.
SC Hearrenfean - PSV 2-2 (2-0) 3. Mitchell van Bergen 1-0, 25. Michel Vlap 2-0, 58. Gaston Pereiro 2-1, 90. Donyell Malen 2-2.
Opstelling SC Hearrenfean: Hahn, Hornkamp (79. Dresevic), Høegh, Pierie, Woudenberg, Schaars (40. Kobayashi), Rienstra, Vlap, Van Bergen, Lammers, Mihajlovic (61. Johnsen).