UNIS Flyers winne maklik by Amsterdam Tigers

16 feb 2019 - 21:18

De UNIS Flyers ha in maklike jûn hân op besite by de Amsterdam Tigers. Neidat freed yn eigen hûs ferlern waard fan Hijs Hokij, hiene de Tigers net folle yn te bringen tsjin de Feansters. It waard 1-8.

Foto: Martin de Jong

Nei goed 10 minuten wie it Tony Demelinne dy't de skoare iepene. Yn de earste perioade skoarden ek Aldo van Aalderen, Marco Postma en Kevin Nijland.

Yn de twadde perioade gongen de Flyers gewoan troch mei skoaren, troch goals fan opnij Demelinne, Ronald Wurm en Adam Bezak. Krekt foar rêst diene de Tigers noch wol wat werom: 1-7.

Rêstige tredde perioade

De Flyers diene it yn de tredde perioade wat rêstiger oan. Krekt foar tiid makke Jasper Nordemann noch de 1-8, wat ek de einstân wie.

Troch de oerwinning klimme de Flyers nei it twadde plak yn de BeNe-League, al kinne de Microz Eaters de Feansters snein wer ynhelje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)