De man fan it lêste doelpunt hie nei 'gezapige wedstrijd' in lykspul ferwachte

16 feb 2019 - 20:04

De man dy't it beslissende doelpunt makke, hie net mear ferwachte dat syn ploech de Fryske derby noch winne soe. Doe't djip yn de blessueretiid ONS Snits op likense hichte kaam, tocht Jens Jurn Streutker fan de Harkemase Boys dat de striid beslikke wie. Yn de lêste sekonden makke hy dochs de 2-1. De freugde wie grut.

Foto: www.orange-pictures.nl

By de Fryske derby siet de spanning foaral yn de lêste minút. Mei ien doelpunt seach it der lang nei út dat Harkemase Boys de wedstriid yn de bûse hie. Djip yn de blessueretiid kaam ONS Snits op likense hichte.

"Het was een gezapige wedsrijd. Ik dacht dat het in 1-1 zou eindigen", seit Streutker. Yn de absolute slotfaze fan de wedsrtiid wist hy der dochs 2-1 fan te meitsjen, neidat er de bal foar de foet krige.

"Ik wil hem volle bak nemen, en ik raak hem perfect. Dan zie je de supporters lang de zijlijn staan, en dan word je helemaal gek."

Jens Jurn Streutker

De Fryske derby is net samar in wedstriid, seit Streutker. "Dit zijn de wedstrijden waar je het voor doet. Het leeft hier, absoluut."

ONS Snits leaude der lang yn

Yn de earste helte wie ONS de boppelizzende partij, ek al wist Harkemase Boys as iennige te skoaren. "We bleven er lang in geloven", seit Curty Gonzales fan ONS. "Het is heel zuur dat je het in de laatste seconden verliest."

"In de laaste minuten krijgen zij een penalty mee. Dan verwacht je niet meer dat hij valt. En dan valt hij tocht. Ja, dat is gewoon kut."

Curty Gonzales ONS

ONS wie beslist net de mindere partij, seit Gonzales. "Volgens mij is het nu al drie maanden zo, dan wij steeds de beter voetballende ploeg zijn. Maar als het laatste fluitsignaal gaat, en je hebt helemaal niets, dan koop je daar ook niets voor."

(Advertinsje)
(Advertinsje)