Harkemase Boys wint Fryske derby nei twa doelpunten yn blessueretiid

Djip yn de blessueretiid fan de Fryske derby kaam ONS Snits op likense hichte mei Harkemase Boys, mar trochdat Jens Jurn Streutker yn de lêste sekonden noch in doelpunt makke, wûn Harkemase Boys thús mei 2-1 fan ONS.
Harkemase Boys -ONS
Yn de earste helte kaam Harkemase Boys nei 19 minuten op foarsprong, troch in doelpunt fan oanfierder Henny Bouius. Dy skeat fan grutte ôfstân de bal yn de krusing. Oant de 93'ste minút bleau it it iennige doelpunt fan de wedstriid.
It wie bepaald gjin sprankeljende striid. It wie gjin wedstriid dy't fanwege de spanning de annalen yn gean soe. Oant djip yn de blessueretiid, doe't ONS in penalty krige. Yume Ramos skoarde sa de lykmakker foar ONS. Snits krige wjukken, mar Harkemase Boys profitearre. Ferdigener Jens Jurn Streutker fan de Harkemase Boys makke der yn de lêste sekonden fan de wedstriid noch 2-1 fan.
Geert van Tuinen docht live ferslach fan de slotfaze fan de wedstriid
Streutker skoarde út in dea spulmomint. Bouius smiet de bal yn as wie it in hoekskop. ONS koe de bal net goed fuortwurkje. Mei de rjochterfoet skeat Streutker de bal achter keeper Barry Ditewig fan ONS. Snits wie ferslein.
Harkemase Boys - ONS Snits is de 'wedstriid fan de wike' by Omrop Fryslân. Alle wiken stiet ûnder dy namme ien bysûndere sportwedstriid sintraal op radio, telefyzje en online.