Wrâldkampioen Femke Kok: "Ik hie noch noait op in bûtenbaan riden"

Reedrydster Femke Kok (18) út Nij Beets hie net tocht dat se wrâldkampioen wurde soe. "It wie de alderearste kear dat ik bûten op in keunstbaan ride. It wie hielendal nij."
© www.orange-pictures.nl
It WK foar junioaren wurdt ferriden yn it Italiaanske Baselga di Piné, op in bûtenbaan. Kok wûn in sulveren medalje op de 500 en de 1000 meter, en in gouden medalje op de 1500 meter. In achtste plak op de 3000 meter wie genôch foar de wrâldtitel.
De omstannichheden sieten mei, seit se. "It waar is hiel moai, der wie allinne mar sinne. Dat allinne is al moai, om mei dy omstannichheden op in bûtenbaan te riden, en as je dan wrâldkampioen wurde, dan is dat wol hiel moai."

"Ik hie twa wiken net traind"

In pear wiken lyn tocht se noch dat har seizoen foarby wie. Se hie in nierbekkenûntstekking, en koe twa wiken net traine. Se kwalifisearre har ek net foar it WK. "Ik ha in oanwiisplak krigen. En no pakt it sa út, dat is supermoai!"
It wie net maklik, seit se. "Ik miste kondysje. En de trije kilometer is al net myn bêste ôfstân. Mar elkenien gong stikken."

"Ik koe it net leauwe"

De Poalske Karolina Bosiek wie har grutste konkurrint. "Dy begûn hiel hurd, mar har rondetiden gongen hurd omheech. Yn har ien nei lêste rûntsje wist ik dat ik wrâldkampioen wurde soe. Mar ik koe it net leauwe"
"Pas doe't elkenien my lokwinske, begûn it ta my troch te dringen."
Kok sjocht de takomst mei fertrouwen temjitte. "Ik bin noch mar A1, dus ik ha folgjend jier noch in kâns om wrâldkampioen te wurden by de junioaren."