Reedrydster Femke Kok (18) wrâldkampioen yn Italië

16 feb 2019 - 15:05

Reedrydster Femke Kok fan Nij Beets is wrâldkampioen wurden by de junioaren. Nei in sulveren medalje op de 500 en de 1000 meter, en in gouden medalje op de 1500 meter, wie in achtste plak op de 3000 meter genôch foar de wrâldtitel.

Foto: www.orange-pictures.nl

De Poalske Karolina Bosiek waard twadde yn it algemien klassemint, mei in achterstân fan 1.74, en nei in gouden race op de 3000 meter waard de Noarske Ragne Wiklund tredde yn it klassemint, op 6.54 achter Kok.

Mear Frysk súkses

Michelle de Jong (19) fan Rottum pakte de wrâldtitel op de 1000 meter, yn in tiid fan 1.17,68. De Jong is it suske fan regearjend Europeesk kampioene Antoinette de Jong.

Trefwurden: 
reedriden Femke Kok
(Advertinsje)
(Advertinsje)