Jonges berôvje frou en bestelle frachtwein

De plysje hat sneontejûn twa jonges oanhâlden nei't se besochten hiene yn de Hobbemastrjitte yn Ljouwert in fytser te berôvjen. Dêrby waard in mes brûkt.
Plysjemotor © Shutterstock.com
It slachtoffer besocht help te krijen en sprong foar in auto. De fertochten naaiden doe gau út.
De plysje krige eefkes letter in melding dat op de Grinzerstrjitwei in frachtwein iepenbrutsen wie troch twa jonges. De fertochten fan 16 en 19 jier waarden dêrop oanhâlden. Sy foldiene oan it sinjalemint fan de strjitrôf.
De 16-jierrige jonge wie fuortrûn út in ynstelling, wylst de 19-jierrige fertochte ûnder ynfloed fan alkohol en drugs wie.