Teäterspektakel Titus giet mooglik ek nei Nijmegen

It teäterspektakel Titus wurdt mooglik takom seizoen ek yn Nijmegen opfierd. Net yn Boalsert, om't dêr gjin gaadlike opfierlokaasje is. Produsint Sjoek Nutma sei dat sneon yn Dokkum by de audysjes foar de jonge Titus. Jonges en ek famkes besykje dêr de rol te pakken te krijen.
© Omrop Fryslân. René Koster
It stik giet oer it libbensferhaal fan Titus Brandsma. De ferneamde pater is benammen bekend wurden fan syn rol yn it ferset. Titus Brandsma is ien fan de inisjatyfnimmers fan de bou fan de Bonifatiuskapel. De opfieringen yn Dokkum yn dyselde Bonifatiuskapel binne fan 31 maaie oant 10 juny.
It stik is meartalich mei 80 prosint Nederlânsk en 20 prosint Frysk. Oan it stik dogge fiif profesjonele akteurs mei en de rest amateurs. Theun Plantinga spilet de âldere Titus. Regisseur Bruun Kuijt seach sneon al in pear bern mei wa't er wol út de fuotten kin.
© Omrop Fryslân, René Koster
It stik hjit dan wol in teäterspektakel, mar gjin fjoerwurk en sa. It sit him mear yn it feit dat de ynfolling ôfwikseljend is, mei muzyk en koar en heftige sênes út it libben fan Titus Brandsma dy't omkaam is yn konsintraasjekamp Dachau.