Doarpskrante Sint-Nyk besiket mei donaasjes holle boppe wetter te hâlden

16 feb 2019 - 11:59

Nei tsientallen jierren driget der in ein te kommen oan De Zakenman, de doarpskrante fan Sint-Nyk en omjouwing. It tal advertinsjes is hurd nei tebekrûn en dêrtroch is in finansjeel gat ûntstien.

Harry Nota yn it kantoar fan De Zakenman - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

De Zakenman wurdt noch altyd op papier ferspraat en dat kostet in soad jild. Harry Nota runt de krante al sûnt 1984. Fanút it kantoar njonken syn fytsewinkel is der no in aksje start om de krante te rêden.

Nota is op syk nei donateurs dy't alle jierren in bydrage leverje wolle. Om dy bydrages op te heljen stean op ferskate plakken yn it doarp molkbussen om donateursbriefkes yn te goaien. Oant no ta is der sa'n 10.000 euro ophelle en dêr moat noch yn alle gefallen 5.000 by. Nota hat der alle betrouwen yn dat dat slagje sil.

"De Zakenman is hiel populêr. Minsken meie it graach lêze omdat it allegearre posityf nijs is. We dogge neat oan polityk of rûzje yn it doarp, mar allinnich de ferhalen fan gewoane minsken."

De Zakenman is yn need

Yn it ferline waard De Zakenman foar in grut part betelle út advertinsjeynkomsten, mar dat is benammen de lêste twa jier hurd minder wurden. Net om't de bedriuwen net langer in bydrage leverje wolle, mar benammen om't it oantal bedriuwen flink nei ûnderen gien is, sa fertelt Nota. En dat gat moat opfolle wurde troch donateurs dy't in jierlikse bydrage dwaan wolle.

Harkje nei Harry Nota

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
(Advertinsje)
(Advertinsje)