Fryske folkband Yetris nei fjirtich jier werom op it poadium

16 feb 2019 - 10:29

De Fryske folkband Yetris komt nei fjirtich jier werom. De band makket dit jier in reünytoer troch de provinsje. De band bestiet út Roel Slofstra op gitaar en sang, Geppy Haarsma op akkordeon, Alco Hoogkarspel op fioele en Hans Kerkhoven op gitaar.

Roel Slofstra (80) - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Repo Roel Slofstra

In rige fan fiif optredens set op 9 juny útein yn Noardburgum. Neffens Roel Slofstra, dy't takom wike tachtich wurdt, sil it âlde repertoire oppoetst wurde en komt by de repetysjes de âlde gemy werom. Guon leden fan Yetris spilen ek yn it ferneamde Irolt.

Roel Slofstra

Yn it Omrop Fryslân-programma Buro de Vries komt Roel Slofstra op snein 17 febrewaris wiidweidich oan it wurd oer fyftich jier lichte muzyk yn Fryslân en it âlder wurden.

(advertinsje)