Omrop TIP: dreamen dy't it paad wize

16 feb 2019 - 09:11

Yn de Fryslân DOK 'Nije Eagen' binne de ferhalen 'De Muze' en 'Ferjit my net' te sjen. Yn beide ferhalen stiet in jonge Fries yn in syktocht sintraal. It folgjen fan in dream, konkreet of abstrakt, is wat de keunstners yn dizze ferhalen in paad wiist.

De Muze

Foar 'De Muze' folget Tom Tieman de jonge Fryske keunstner Alle de Jong. Under in besite oan it Centraal Museum moetet er in jonge frou yn wa't er syn muze werkent. As Alle har oansprekke wol, ferdwynt se en bliuwt er efter mei neat oars as in faach oantinken fan in momint.

Oerweldige troch de moeting, begjint de keunstner in syktocht nei syn muze. Hy is fan miening dat er sûnder syn muze net mear trochwurkje kin. In fisuele oade oan it tafallige syktocht, mar wêrom dy syktocht? Is it in foarm fan romantyske dwaas of skûlet der mear efter?

Frenk dos Santos wylst er filme wurdt foar Frjit my net - Foto: Omrop Fryslân

Ferjit my net

Froukje van Wengerden folget muzikant Frenk dos Santos as er op it punt stiet om nei Brazilië ôf te reizgjen. Al doe't er jong wie, wie muzyk in manier om te flechtsjen. Frenk wurdt adoptearre út Brazilië as er trije jier âld is. Hy hat gjin lokkige jeugd en fielt him net thús yn it lân dêr't er opgroeit.

Syn dream: weromgean nei Brazilië. Dêr wol er de bern dy't op stjitte libje, helpe troch tegearre muzyk te meitsjen. Wylst er him tariedt op syn reis, docht bliken dat it no krekt muzyk is dat him mei syn ferlerne famylje ferbynt.

Nije Eagen is in inisjatyf dat beëaget jonge dokumintêremakkers in poadium te bieden. Foar dat doel wurkje Fryslân DOK (Omrop Fryslân), Noardelik filmplatfoarm New Noardic Wave en Cinecrowd gear.

De Fryslân DOK dokumintêre 'Nije eagen' is snein 17 febrewaris fan 17.00 oere ôf alle oeren te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje.

(advertinsje)