Festival Eilân op Skylge nei pear dagen útferkocht

16 feb 2019 - 08:46

It nije festival 'Eilân' op Skylge is útferkocht. Alle fiiftûzen kaarten binne ferkocht en dat wylst de kaartferkeap pas tongersdei úteinset is.

Foto: ANP

It festival 'Eilân' wurdt fan 12 oant 15 septimber hâlden by it marke fan Hee. Eilân moat in festival wurde mei in brede seleksje oan muzikanten: fan bandsjes en singer-songwriters oant dj's en elektroanyske muzyk.

Jong en út de grutte stêd

Organisator Daniël van Drunen hie net ferwachte dat it festival al nei oardel dei útferkocht reitsje soe. "Dat hadden we ins onze stoutste dromen niet verwacht." Lytsskalige muzykfestivals dy't mear dagen duorje, binne wol in trend en dat kin de reden wêze, tinkt er. Mear as trijekwart fan de besikers is tusken de 16 en 34 jier en komt út de gruttere stêden.

Noch gjin fergunning

De fergunning fan it festival is noch net regele. "Daar zijn de protocollen helaas noch niet op ingesteld." Mar Van Drunen tinkt dat it wol klear komt,. Hy sjocht in konstruktive hâlding by de gemeente, plysje en de Provinsje Fryslân. It is ek wol in bytsje in gok, seit er. Der komt ek noch in petear mei de omwenners en de ûndernimmers. Dat oerlis is begjin april.

Organisator Daniël van Drunen oer festival Eilân

Trefwurden: 
festival Skylge eilân
(Advertinsje)
(Advertinsje)