Kollum: "Burgertop"

16 feb 2019 - 08:24

"Je moatte alles in kear meimeitsje yn it libben. Sa as guon fan jim grif wol witte, binne wy krekt nei in oar plak ferhuze. No is dat op himsels net ferkeard, want dan komme jo moai fan in berch rotsoai ôf dy't je yn de tiid sammele hawwe.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

Harkje nei Ferdinand de Jong

It wie sa slim, ik hoegde my op it lêst al net iens mear te legitimearjen by it gemeentlik stoart. Se knikten begripend en ik mocht sa trochride. Hearlik gefoel. Nei in skoftsje misse je al dy ballast trouwens hielendal net. Wat dat oanbelanget is in kear ferhúzje echt in oanrieder.

Wol frjemd dat ik al 25 jier nea wat win yn de Staatsloterij, mar nei amper in pear wike al tige tafallich útlotte wie om mei te dwaan oan de saneamde boargertop hjir op It Hearrenfean. Demokrasy yn praktyk, sa skreau ien fan de Fryske sjoernalisten letter. Op in sneon sammelen harren sa'n fjouwerhûndert minsken op it plak dêr't earder sporthal De Kamp stie. No stiet der in skoalle.

Earlik sein wie ik yn it foar wol wat skeptysk. Hoe moatte je no sa'n hinnehok fol mienings op in fatsoenlike wize analysearje?

Mar dochs hie ik my opjûn en bin op it fytske stapt. Je moatte je der ek wat by jaan yn jo nije wenplak, oars komme jo der net tusken. Ik sei tsjin de frou dat de kâns trouwens mear as gemiddeld grut wie dat ik de dei net folmeitsje soe. Ik ken mysels, meastal ha ik nei in pear oerkes myn nocht wol.

Doe't ik binnenkaam as nijbakte ynwenner fan de gemeente die bliken dat guon hjir in goed ûnthâld ha, want sels nei 26 jier wiene der noch aardich wat bekenden. Ik bedarre mei wat insiders fan in lokale betelle fuotbalklup oan in taffeltsje en foardat ik it wist wie it al oan de lunsj ta. Earlik sein hie ik my noch net ferfeeld, dat mei hast wol yn de krante en dat barde dus ek, lies ik twa dagen letter. Ik ha de frou mar belle mei de meidieling dat ik it middeisprogram ek mar folgje woe. Se wie suver ferbjustere.

Dy fjouwerhûndert minsken ha in dei praten oer hoe't it sintrum fan It Hearrenfean wat opkalfatere wurde kin. Yn meardere rjochtings. No hat It Feen, al in pear hiele moaie ûnderdielen, der binne gelokkich in stik as wat grêften net tichtsmiten om mar ris wat te neamen. Yn in oar grut Frysk plak binne se dêr jaloersk op.

It die bliken dat oan de tafel dêr't ik siet - ik hie foar kultuer keazen-, de mieningen op in soad flakken oerien kamen, mar ek sa no en dan behoarlik tsjin elkoar oer stienen. Fan it slopen fan gebouwen oant hiele wiken oant it koesterjen wat je ha, mei yn de achterholle dat der yn it ferline al safolle moais ta de sloophammer feroardiele is. De diskusje gie oer en wer, iens waarden we it op guon punten net, mar dat hinderet neat.

De dei wie samar om. Oan it ferskaat fan tafels waarden presintaasjes makke en dêr koe op stimd wurde. No soe ik oan de útkomst fan dy stimming net al te folle konklúzjes ferbine, as ik de analist fan de dei wêze soe. It wie yn alle drokte hast net te dwaan om alles goed te lêzen.

Ik bin fan miening dat se út alle presintaasjes de goede punten brûke moatte. Oars is it in lotterij. Dat docht gjin rjocht oan al dy belutsen minsken dy't der in sneon foar opoffere ha."

Trefwurden: 
Kollum Ferdinand de Jong
(Advertinsje)
(Advertinsje)