UPDATE Man yn boat Twellingea net troch misdriuw om it libben kaam

De deade dy't sneontemoarn op in boat by Twellingea oantroffen is, is net om it libben kaam troch in misdriuw. De plysje hat de identiteit fan it slachtoffer bekend makke. It giet om in 71-jierrige ynwenner fan Amsterdam dy't freed as fermist opjûn wie.
UPDATE Man yn boat Twellingea net troch misdriuw om it libben kaam
De boat waard sneontemoarn betiid mei grutte skea oantroffen oan de Langstaartenpoel flakby it doarp. Dêrnei is er nei de haven fan it doarp sleept foar neier ûndersyk. Al frij gau kaam de plysje ta de konklúzje dat der gjin misdriuw yn it spul is.
It slachtoffer is sûnt freed as fermist opjûn. Hy soe mooglik op syn boat ferbliuwe. Dêrop is de plysje begûn te sykjen. Se fûnen it lichem de man op de boat dy't grutte skea hat. Troch de aard fan de skea - de roef is ûntset - kin der mooglik sprake wêze fan in ekploazje, mar dat wurdt noch neier ûndersocht. De Forensische Opsporing docht de kommende dagen ûndersyk om te sjen wat him krekt op de boat ôfspile hat.
© Kappers Media