UNIS Flyers yn eigen hûs ûnderút tsjin Hijs Hokij

De UNIS Flyers hawwe yn it eigen Thialf mei 3-6 ferlern fan Hij Hokij út Den Haag. De ploegen giene lang lykop, mar yn de tredde perioade wiene de besikers folle sterker.
© Martin de Jong
Yn de earste perioade kamen de Flyers gau op foarsprong troch in goal fan Ronald Wurm, mar tsien minuten letter makke Hijs Hokij gelyk. Yn de twadde perioade kaam Den Haag op foarsprong, mar wie it Jasper Nordemann dy't lyk makke.
Yn de tredde perioade wiene de besikers in stik sterker as de Flyers en kamen sy ta in 2-5 foarsprong. Adam Bezak die foar de Feansters noch wol wat werom troch de 3-5 te meitsjen. Dat wie net genôch om werom yn de wedstriid te kommen. Uteinlik waard it noch 3-6.