Traumahelikopter oproppen foar ûngelok yn Thialf
Yn iisstadion Thialf is freedtejûn in ûngelok bard. Dêr binne in traumahelikopter, twa ambulânses en twa plysje-auto's foar útriden. It soe om in reedrider gean.
Hoe't it mei dy persoan giet, is net bekend. It slachtoffer is nei it sikehûs brocht.
Op it momint fan it ûngelok wie der in iishockeywedstriid geande. Oft der in ferbân is tusken it ûngelok en de wedstriid is net bekend.