SC Cambuur ferliest op besite by Roda JC

15 feb 2019 - 22:28

Nei de ôfgong tsjin Jong AZ en it lykspyl tsjin NEC fan ôfrûne wike woe SC Cambuur graach wer ris trije punten behelje. Op besite by Roda JC is dat lykwols opnij net slagge. Troch in betide tsjingoal ferlearen de Ljouwerters mei 1-0.

Al by de earste de bêste oanfal fan Roda wie it raak. Nei balferlies fan de Ljouwerters kaam de thúsploech der gau út en wie it Livio Milts dy't de 1-0 op it skoareboerd sette. Dêrnei krigen beide klups noch kânsen, mar ûnder oare troch rêdingen fan Cambuur-doelman Mous waar der foar it skoft net mear skoard.

Enoarme kâns

Fuortendaliks nei it skoft krige Cambuur in enoarme kâns, doe't Van Wermerskerken trochbruts. De rjochtsback skeat de bal lykwols op de hannen fan Roda-keeper Novakovic.

Ek dêrnei wie Cambuur in oantal kearen gefaarlik, mar dat levere de Ljouwerters ek gjin doelpunten op. Tsien minuten foar tiid foarkaam doelman Mous noch de 2-0. It slotoffinsyf fan Cambuur dat folge, levere neat mear op.

Foto: Orange Pictures

Roda JC - Cambuur 1-0 (1-0) 4. Livio Milts 1-0,

Opstelling Cambuur: Mous, Sai, Steenvoorden, Schilder, Sambissa, Jansen, Ciganiks (74. Bangura), Maulun (83. Mbende), Conraad, Hendriks, Jones (58. Jones).

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal Roda JC
(Advertinsje)
(Advertinsje)