Histoaryske personaazjes komme ta libben yn Museum Heerenveen

15 feb 2019 - 22:16

Marijke Muoi, Ferdinand Domela Nieuwenhuis en Abe Lenstra, se wiene freedtejûn allegear oanwêzich yn Museum Heerenveen. It museum hie in temajûn: Night at the Museum. Bern dy't harren âlden of pake of beppe meinaam hiene, mochten fergees it Museum yn, op syk nei libjende museumstikken.

Foto: Omrop Fryslân

It idee foar Night At The Museum kaam fan twaddejiers Leisure-studint Nina Hogeveen. Se rint staazje by Museum Heerenveen en mocht in evenemint betinke. Op it ynternet seach se in reklame foar Night At The Museum en doe wist se dat se dat sels ek organisearje woe.

It wie foar har in hiele put om tsien personaazjes te betinken en frijwilligers te finen dy't dy wol spylje woene. En boppedat de goede klean te finen.

De prûk fan Abe Lenstra

Benammen de prûk fan Abe Lenstra wie in hiele toer. In kleanferhierbedriuw yn Rotterdam hie wol ien, mar dat soe mear as 100 euro kostje om dy op It Hearrenfean te bringen. Uteinlik brocht in karnavalsprûk fan de Action de oplossing. Yn bytsje byknippe en de kúf wie krekt as dy fan de âld-fuotballer.

Ferslachjouwer Lennie Bronsveld gie nei Night At The Museum

Foto: Omrop Fryslân

Night At The Museum is foar Museum Heerenveen de ôftraap fan de aksje 'Help Pake En Beppe De Fakânsje Troch'. Dy set sneon 16 febrewaris útein. As bern harren pake of beppe meinimme, meie se fergees it museum yn.

Night At The Museum is in film fan 2006 út Amearika, mei akteurs as Ben Stiller en Robin Williams. De films binne basearre op in berneboek út 1993. Yn de film sollisitearret Ben Stiller nei in baan as bewaker by it Natural History Museum. Op syn earste nacht komt er derefter dat troch in flok nachts de museumstikken ta libben komme.

(Advertinsje)
(Advertinsje)