Hearrenfeanfroulju pakke winst tsjin Excelsior Barendrecht

15 feb 2019 - 21:58

Yn de earste wedstriid fan de pûlfaze fan de frouljus-earedifyzje hat SC Hearrenfean mei 3-0 wûn fan Excelsior. De goals kamen fan Tiny Hoekstra en Suzanne Admiraal. Ofrûne wike troffen de ploegen mekoar ek al, doe waard it 1-0 yn it foardiel fan Hearrenfean.

Foto: ProNews

Nei 20 minuten wie it Tiny Hoekstra dy't de thúsploech op foarsprong sette mei in sterk skot. De Feanster froulju krigen dêrnei meardere kânsen, sa wie der opnij in skot fan Hoekstra, mar dy rekke de peal. Yn de 70e minút wie it wol raak, doe't Suzanne Admiraal troch de ferdigening fan Excelsior solearde.

Krekt foar de ein wie it Hoekstra dy't opnij troch de ferdigening fan Excelsior bruts, sy lei de bal ôf op Suzanne Admiraal, dy't rêstich de 3-0 binnenskeat, wat ek de einstân wie.

Earste

Hearrenfean, dat útkomt yn de B-pûl, hat no 13 punten en stiet dêrmei dield earste yn har pûl.

(Advertinsje)
(Advertinsje)