Douwe Amels meldt him ôf foar NK Indooratletyk

Heechspringer Douwe Amels fan Drachten sil net meidwaan oan it Nederlânsk kampioenskip Indooratletyk. Dat wurdt dit wykein hâlden yn Apeldoorn. Hy hat in blessuere oan syn hakke. Hy sil dizze winterperioade ek net mear yn aksje komme.
Douwe Amels © www.orange-pictures.nl
Amels ferovere ferline jier syn fyfde Nederlânske titel. Hy wie dit indoorseizoen begûn mei in sprong fan 2 meter en 22 sintimeter. Amels rjochtet him no op it wrâldkampioenskip Outdoor yn Doha, Katar. Dat wurdt yn oktober hâlden.