Gemeente Harns wol mienskiplike oplossing foar konflikt oer Spaansen-terrein

15 feb 2019 - 21:34

Wethâlder Paul Schoute fan de gemeente Harns ropt de direksje fan it bedriuw Spaansen op om in mienskiplike oplossing te finen foar it konflikt oer it Spaansen-terrein lâns de N31. De gemeente giet yn kassaasje by de Hoge Raad oer de útspraak fan it Gerjochtshôf. Troch no yn kassaasje te gean, stelt de gemeente har juridyske posysje feilich, seit Schoute.

Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

Spaansen hie yn petearen mei de gemeente witte litten mei in grutte claim te kommen at de partijen it net ûnderling iens wurde. De wethâlder hopet dat der de kommende moannen noch in akkoart komt. Dy tiid moat der wêze, seit Schoute.

Mar wêrom binne se der noch net útkommen? "In de tussenliggende periode zijn er veranderingen aangebracht aan het Spaansen-terrein. Er zijn panden afgebroken, er is grond verkocht, er is een huis gekocht. Aangezien de gemeente Harlingen de grond niet kan terugleveren in de oorspronkelijke staat, heeft Spaansen recht op een ongedaanmakingsvergoeding", leit Schoute út.

Fjouwer moanne

Troch it kassaasjefersyk fan de gemeente hat Spaansen sa'n fjouwer moannen de tiid om yn ferwar te kommen. "Wij gaan in cassatie om onze positie veilig te stellen. Wij hebben wel bij Spaansen aangegeven dat we niet zullen eisen dat zij direct in verweer moeten. Dan hebben we namelijk nog een maand of vier om er uit te komen en kan de gemeente het cassatieberoep nog intrekken."

Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

Spaansen liket lykwols neat foar dy opsje te fielen. Direkteur Ab Knook fan Spaansen neamde it in "dolk in onze rug". Schoute kin him foarstelle dat Spaansen it sa sjocht. "Ze hebben destijds gedacht een deal te hebben met de gemeente en die wordt dan teruggedraaid."

'Ongeoorloofde staatssteun'

De gemeente kocht de grûn fan Spaansen yn 2010 foar 8,5 miljoen euro. Dat bedrach waard yn twaen splitst: earst betelle de gemeente 6,5 miljoen euro. Letter soe de gemeente nochris 2 miljoen euro oan Spaansen oermeitsje, mei as betingst dat it bedriuw op in oar plak yn Harns útwreidzje soe.

De gemeenteried fûn lykwols dat hjir sprake wêze soe fan 'ongeoorloofde staatssteun'. Doe't by in taksaasje bliken die dat de grûn folle minder wurdich wie as tocht, stapte de gemeente nei de rjochter. Dy bepaalde dat der yndie tefolle betelle wie en dat it bedriuw gjin rjocht mear hie op de lêste miljoenen en sels in kwart miljoen euro werombetelje moast oan de gemeente.

Wethâlder Paul Schoute oer de situaasje

Spaansen gie yn heger berop. It bedriuw sei dat se it foar dat bedrach net ferkeapje woene. It Hôf oardiele dat der al sprake wie fan steatsstipe, mar ferklearre ek de folsleine ferkeap ûnjildich.

(advertinsje)
(advertinsje)