Geert Jelle de Vries: "Der is totaal gjin betrouwen rjochting elkoar"

15 feb 2019 - 20:33

Gjinien by SC Hearrenfean wol it wurd 'degradaasje' yn de mûle nimme. Mar mei de thúswedstriid tsjin koprinner PSV op it programma, kin it samar sa wêze dat Hearrenfean nei dit wykein ûnder de reade streek stiet. Ald-trainer Gertjan Verbeek, âld-spiler Geert Jelle de Vries en sjoernalist Reon Boeringa besprutsen de situaasje freed by Fryslân Hjoed.

Maleur by Hearrenfean

Der is net allinnich sportive malêze, ek bestjoerlik rommelet it wer. Of noch hieltyd. Alle jierren is der in miljoenetekoart en de ûnfrede is grut. Wa moat de nije direkteur wurde? It liket net it meast ideale momint om yn te stappen.

Geert Jelle de Vries syn namme is ek al ris neamd as opfolger fan Luuc Eisenga. "Se hawwe my net benadere. Myn namme is fallen by de Ried fan Kommissarissen. Dêr waard posityf op reagearre. Dêr is it by bleaun."

Cees Roozemond

Op it stuit is Cees Roozemond de grutte man by Hearrenfean. Hy is de tydlik ferfanger fan Eisenga. Eisenga tinkt dat er Hearrenfean troch de foardoar ferlitte kin. Verbeek is it dêr net hielendal mei iens: "Als je een operationeel verlies hebt van 5 à 6 miljoen dit seizoen, dan ben je daar als algemeen directeur verantwoordelijk voor. Als je kijkt naar de leegloop van supporters en sponsoren... Dat is onder zijn leiding niet veranderd."

De Vries fynt it net sa nuver dat Roozemond no op de funksje fan bestjoerder by Hearrenfean sit. "Dat hy no op dy stoel sit, is hiel logysk. It feit dat hy it foarkommen docht dat er sitten bliuwe sil, is foar my lykwols ûnbegryplik", seit De Vries.

Cees Roozemond - Foto: Omrop Fryslân

Roozemond is fan foarsitter stichtingsbestjoer yn ien kear trochstjitten nei de funksje fan grutte tydlike baas. It liket hast in foaropset plan. De Vries: "Dat fyn ik net in terjochte konklúzje. Hy wie foarsitter fan it stichtingbestjoer. Men wie it der net mei iens hoe't it gie en der waard yngrepen. Se hawwe no sein: we moatte it tydlik oplosse. Dus it is hiel logysk hoe't it no gien is."

"Roozemond is sels op de stoel fan Eisenga sitten gean. Oant 1 maart fyn ik dat logysk. Mar at er seit dat er sitten bliuwt, fyn ik dat net logysk. Dat soe ek tige ûnferstannich wêze. Ik kin net leauwe dat hy net ynsjocht dat hy de boel net op de rit krije kin."

Gaos hat wjerslach op it fjild

De bestjoerlike gaos hat ek syn wjerslach op it fjild. "It is net fan de lêste jierren. It is al hiel lang oan de gong. Wat yn dit seizoen nei foaren komt, is dat it ek sportyf min giet. De ôfrûne jierren binne de finansjele problemen ferblomme troch de positive resultaten op it fjild en de jonges dy't ferkocht waarden", fertelt De Vries.

Boeringa: "Olde Riekerink haalt nu het minimale uit zijn spelersgroep. Hoe laconiek er de afgelopen weken over wordt gedaan, vind ik niet terecht. Want je hebt een prima spelersgroep, waarmee je echt wel in het linkerrijtje moet kunnen spelen. Zo slecht is die selectie ook weer niet."

Riemer van der Velde en Foppe de Haan - Foto: www.orange-pictures.nl

In groep mei Verbeek, Riemer van der Velde en Foppe de Haan makket him soargen. Sy komme mei in plan. De beide klupikoanen ha mei Gertjan Verbeek en mei de âld-bestjoersleden Yme Kuiper, Henk Hoekstra en Tjisse Wallendal bepraat hoe't se de klup der wer boppe-op helpe kinne. Dat plan moat der komme yn oparbeidzjen mei it stichtingsbestjoer, de ried fan kommissarissen en elkenien dy't dêr oer meitinke wol.

De Vries: "It probleem giet om betrouwen. Der is totaal gjin betrouwen rjochting elkoar. It binne allegear minsken dy't it bêste foarhawwe mei de klup. Dan is it net út te lizzen datst der net mei elkoar útkomme kinst. Dan moatst wer werom nei de essinsje. Der komt allinnich betrouwen ast wat fan dysels opjaan wolst. De mentaliteit moat feroarje, by eltsenien dy't wat mei de klup te krijen hat."

Olde Riekerink

En hoe moat it sportyf better? Beseft trainer Jan Olde Riekerink wol dat it net goed giet? "Als wij zorgen dat wij ons spel blijven spelen en dat we in de wedstrijden straks punten gaan halen, komen we daar vanzelf vandaan", seit Olde Riekerink.

(Advertinsje)
(Advertinsje)