'Haadpriis' fan fyftjin miljoen feestlik oerlange yn Holwert

It doarp Holwert koe freedtemiddei feestfiere, want de Postkoadelotterij kaam nei it doarp om de sjek fan 15 miljoen euro foar Holwert-oan-See oan te bieden oan de Fûgelbeskerming en inisjatyfgroep Holwert-oan-See.
Sjek fan fyftjin miljoen al feestlik oerlange yn Holwert
De oanbieding soe earst yn maart op in grut gala fan de lotterij plakfine, mar it like de Fûgelbeskerming, de Waadferiening en It Fryske Gea folle aardiger om dat yn Holwert sels te dwaan. En sadwaande reizge presintaasjeduo Ruud Gullit en Caroline Tensen nei de Fryske waadkust om de sjek te oerlangjen oan de natuerorganisaasjes en de inisjatyfgroep.

Grutste bedrach

De fyftjin miljoen komt út it saneamde 'dreamfûns' fan de Postkoadelotterij en is it grutste bedrach dat oan ien goed doel útkeard wurde kin. "Het is echt de hoofdprijs", seit direkteur Fred Wouters fan de Fûgelbeskerming.
Troch it takennen fan de priis hat Holwert-oan-See no mear as de helte fan de begrutting fan 60 miljoen binnen. "We binne der noch net, mar yn it doarp libbet no echt it idee dat it projekt wolris trochgean kin. Sa sjogge wy it sels ek", seit Marco Verbeek fan Holwert-oan-See.
© Omrop Fryslân, Onno Falkena
Ferslachjouwer Onno Falkena wie yn Holwert
De kearn fan it projekt is it trochstekken fan de seedyk oan de eastkant fan de Holwerter Pier, sadat flakby it doarp in nije mar ûntstiet, mei heech en leech wetter. Troch dizze opset wurdt de natuer fan it Waad binnen de seedyk helle. Wichtich foar de natuer en de fûgels, en foar Nederlân unyk.
It doarp Holwert rekkenet der op dat Holwert-oan-See net allinnich mear fûgels en fisk, mar ek mear toeristen opsmite sil. It doel is dat de skeppe op syn lêst yn 2021, 2022 de grûn yn giet. Faze ien soe foar 2025 oplevere wurde moatte.

"Oer it deade punt hinne"

De inisjatyfgroep wurket fanút in eigen projektburo oan de Seewei fierder oan de plannen. Holwert-oan-See is noch drok dwaande mei ferskate oare mooglike jildsjitters foar it ûntbrekkende diel fan de begrutting. "Dizze sjek hat ús echt oer it deade punt hinne holpen", seit Marco Verbeek. "Sûnt dat bekend waard, stiet de telefoan net ien dei stil. Holwert-oan-See is wer folop yn beweging. De Holwerters leauwe deryn en wy ek."