Geert Jelle de Vries yn byld as nije direkteur SC Hearrenfean

15 feb 2019 - 17:47

Ald-fuotballer Geert Jelle de Vries hat yn byld west om de nije algemien direkteur by SC Hearrenfean te wurden. De 44-jierrige De Vries komt fan Skearnegoutum en is troch in tuskenpersoan frege oft hy dy funksje sitten sjocht.

Fragmint Geert Jelle frege as nije direkteur

"Ik wit dat myn namme fallen is by de Ried fan Kommissarissen", sa seit De Vries freedtemiddei oan tafel yn Fryslân Hjoed. "Dêr is posityf op reagearre, mar dêr is it foarearst by bleaun." De Vries fernuveret him oer de situaasje by de sportklup. "Ik tink net dat der in listje is. Ik krij it idee dat de tiid fierder giet, en dat der gjin proseduere rint by de Ried fan Kommissarissen."

Op 30 april 1995 makke Geert Jelle de Vries syn debút yn de earedifyzje yn de wedstriid tsjin Sparta. Nei twa seizoenen by Hearrenfean, dêr't hy amper oan spyljen takaam, makke hy yn de simmer fan 1996 de oerstap nei SC Cambuur. Yn Ljouwert hat hy noch seis seizoenen fuotballe, wêrfan twa seizoenen yn de earedifyzje. Op it stuit wurket er as makelder.

Gertjan Verbeek in opsje?

Ek de namme fan Gertjan Verbeek soe rûnsjonge by de klup as algemien direkteur. Verbeek seit dêroer: "Daar kan ik nu geen antwoord op geven, want ik ken de ins en outs niet bij de club. Maar als je de verhalen hoort, staat Heerenveen er niet goed voor. Het is de vraag of je dan wel moet instappen. Ik heb dat eerder bij FC Twente gedaan, en dat is me niet goed bevallen.

Verbeek waard ôfrûne seizoen healwei it jier trainer by FC Twente, helle net in soad punten, en waard foar de ein fan it seizoen alwer ûntslein. De klup út Enschede degradearre úteinlik út de earedifyzje.

Luuc Eisenga hat ein jannewaris ôfskie naam as algemien direkteur fan SC Hearrenfean. Eisenga wie sûnt 1 febrewaris 2016 yn tsjinst by de klup. Sponsoaren, frijwilligers en supporters wiene net tefreden oer de koers fan de Feansters.

Ein ferline jier hat it Stichtingsbestjoer, it heechste orgaan binnen de klup, it fertrouwen opsein yn Eisenga, dy't doe fuort moast. De funksje wurdt no tydlik útfierd troch Cees Roozemond, dy't foarsitter fan dat Stichtingsbestjoer is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)