Minder minsken mei in bystânsútkearing yn Ljouwert

It tal minsken yn Ljouwert mei in bystânsútkearing is weromrûn nei 5.950. Fan sa'n 2.200 minsken is foarich jier de útkearing beëinige. Dat kaam troch de oandacht te rjochtsjen op de útstream nei wurk en ûnderwiis, mar ek troch te hanthavenjen op ferplichtingen.
Beurs © Shutterstock.com
De gemeente Ljouwert wol de kommende twa jier it tal minsken mei in bystânsútkearing werombringe nei 5.050. Om dat foarinoar te krijen, wol de gemeente de kommende twa jier mei elkenien om tafel dy't in bystânsútkearing krijt. Se wolle de minsken helpe oan in baan, ûnderwiis, in eigen bedriuwke of wat oars.