Harns yn kassaasje tsjin fonnis Spaansen-terrein

15 feb 2019 - 16:43

De gemeente Harns giet yn kassaasje tsjin de útspraak fan it Hôf oer de ferkeap fan it Spaansen-terrein lâns de N31. Spaansen ferkocht de 6,5 bunder grûn tusken de Kanaalwei, de N31 en it sintrum yn 2010 oan de gemeente. It hôf ferklearre yn in fonnis begjin novimber dat dy folsleine ferkeap ûnjildich wie.

Spaansen

Direkteur Ab Knook seit dat er ferbjustere is troch de stap fan de gemeente Harns: "Het voelt als een dolk in onze rug. We hebben na het vonnis lang met de gemeente om tafel gezeten om er goed uit te komen. Maar ze willen gewoon niet."

Neffens Knook wie der by Spaansen in soad goede wil: "Ja, want we wilden dit graag oplossen, maar de gemeente leek maar niet aan te kunnen geven wat ze nu eigenlijk willen."

Gat yn de stêd

Sûnt de útspraak ha beide partijen om tafel sitten om te sjen oft de grûn dochs ferkocht wurde koe oan de gemeente Harns. Knook: "De gemeente wil de grond graag hebben en wij hebben gekeken naar de mogelijkheden. Maar ze willen alleen maar korting hebben op de prijs. Maar de gemeente moet ook wat doen want de grond is juridisch van ons."

Mei it terrein sels bart de kommende jieren neat, seit Knook: "Deze juridische strijd gaat nog wel vier, misschien wel zes jaar duren. Er blijft een gat in de stad. Niemand kan er wat mee en dat is onverkwikkelijk", seit de teloarstelde Spaansen-direkteur.

Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

It begûn allegear mei de ferkeap fan de grûn yn 2010. De gemeente betelle der doetiids 8,5 miljoen euro foar oan Spaansen. Dat bedrach waard splitst yn twaen: earst betelle de gemeente 6,5 miljoen euro. Letter soe de gemeente noch 2 miljoen euro oermeitsje, mei as betingst dat it bedriuw op in oar plak yn Harns útwreidzje soe.

De gemeenteried fûn dat der mooglik sprake wie fan 'ongeoorloofde staatssteun'. Doe't by in taksaasje bliken die dat de grûn folle minder wurdich wie as tocht, stapte de gemeente nei de rjochter. Dy bepaalde dat der yndie te folle betelle wie en dat it bedriuw gjin rjocht mear hie op de lêste miljoenen en sels in kwart miljoen werombetelje moast oan de gemeente.

Ferslachjouwer Hayo Bootsma leit út wat der krekt oan de hân is

Spaansen gie yn heger berop. It bedriuw sei dat se it foar dat bedrach net ferkeapje woene. It Hôf oardiele dat der al sprake wie fan steatsstipe, mar ferklearre ek de folsleine ferkeap ûnjildich.

"Tonnen aan advocatenkosten"

Foar Knook is it foarearst klear: "We verstoken hier tonnen aan advocatenkosten. Dat is gewoon zonde. Niet alleen wij, ook de gemeente. Dat is allemaal geld van de Harlingers."

"We hebben een redelijk voorstel gedaan", seit Knook. "Wij wilden echt niet het vel over der oren van de gemeente halen, maar ze wilden niet. Of dat slim is valt nog te betwijfelen. Ze moeten in ieder geval straks niet naar ons kijken als blijkt dat er veel extra kosten zijn."

(Advertinsje)
(Advertinsje)