Gjin treinen tusken Ljouwert en Bûtenpost yn maitiidsfakânsje

15 feb 2019 - 16:41

Yn de maitiidsfakânsje binne der wurksumheden oan it spoar tusken Ljouwert en Grins. Yn Hurdegaryp en Feanwâlden wurde twa tunnels 'ynskood'. Dêrom ride der fan 20 oant en mei 24 febrewaris gjin treinen, mar bussen tusken Ljouwert en Bûtenpost.

In trein rydt by de wurksumheden yn Hurdegaryp del - Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

It is de twadde kear dat it spoar in skoftke ôfsletten is foar it projekt Ekstra Sneltrein Grins Ljouwert. Ek heal oktober wie in diel fan it spoar in pear dagen ticht. Doe rieden de treinen net tusken Bûtenpost en Grins.

Boppedat ride der yn de spits gjin treinen tusken Zuidhorn en Grins en de sneltreinen tusken Ljouwert en Grins ride ek net. Allinnich de stoptreinen tusken Bûtenpost en Grins ride wol.

De wurksumheden binne nedich om de feiligens te garandearjen. In ekstra trein betsjut in swierdere belesting fan it spoar, wêrtroch't de regels ek stranger wurde. Om dêr oan te foldwaan, wurde by Grins en Hurdegaryp de spoaroergongen ferfongen troch tunnels.

Dêrneist komt der tusken Grins en Zuidhorn op in stik fan acht kilometer in dûbeld spoar, dêr't treinen elkoar passearje kinne. Yn Zuidhorn sels komt der ek noch in nije betonnen spoarbrêge. Op de âlde, stielen brêge wie gjin romte foar twa spoaren en mei dizze betonnen oplossing wurdt ek de lûdsoerlêst fermindere.

(advertinsje)
(advertinsje)