Lêste Fryske derby foar trije ONS-klupikoanen

15 feb 2019 - 16:20

De Fryske derby tusken Harkemase Boys en ONS Snits wurdt in bysûnder duel foar trije ONS'ers. Curty Gonzales, Ale de Boer en Klaas de Vries spylje respektyflik tsien, acht en sân jier by de klup, mar nimme nei dit seizoen ôfskie. Se spylje sneon foar it lêst de Fryske derby tsjin Harkemase Boys.

Lêste Fryske derby foar trije ONS-klupikoanen

De Vries en Gonzales wenje yn Ljouwert en De Boer en Frits Dantuma yn de Wâlden. Se ride trije kear yn de wike mei-inoar nei Snits ta. Mar, as Dantuma bliuwt, is hy takom jier allinne. Dat fynt de âld-Cambuurspiler spitich, want: "De gesellichheid heart der wol echt by. Dat is foar my wol it belangrykste." De kommende tiid sil Dantuma oer syn takomst beslute.

Dat jildt net foar Gonzales. Dy hat de knoop in oantal wiken werom trochhakt. Hy ferruilet ONS nei dit seizoen foar de tsjinstanner fan sneon, Harkemase Boys. "Ik was toen aan een nieuwe uitdaging. Ik heb hier tien jaar met heel veel plezier gevoetbald. Ik wilde in de buurt blijven voetballen en Harkema speelt op hetzelfde niveau. Ze wilden me graag hebben, dus de keuze was vrij snel gemaakt."

De Vries en De Boer binne befreone en hawwe harren lot altyd oaninoar ferbûn. De petearen mei de klup hawwe se ek altyd tegearre dien en dat jildt ek foar de kar om nei dit seizoen op te hâlden by ONS. De Vries: "It hat lang genoch duorre. It hat in kear moai west." De Boer: "We ha yn totaal mei ús twaën fiiftjin jier nei ONS reizige. We wurde ek in slachje âlder he, Klaas wurdt wat keal en ik wat griis", laket de oanfierder fan de Snitsers.

Ale de Boer, Curty Gonzales en Klaas de Vries - Foto: Orange Pictures/Shutterstock

Het zijn de leukste wedstrijden van het seizoen.

Curty Gonzales oer de Fryske derby

Yn de tsien jier dat Gonzales by ONS Snits spilet, hat er in hiel soad derby's spile. Dat it spesjale wedstriden binne, wie allinne net fuortendaliks dúdlik: "Aan het begin merkte ik het nog niet echt. Naarmate dat je hier een tijdje speelt, leef je wel echt naar die wedstrijden toe. Het zijn de leukste wedstrijden van het seizoen. ONS wil altijd winnen van Harkema en Harkema wil altijd winnen van ONS. Dat geeft een extra dimensie eraan."

Dêr kenne De Vries en De Boer harren ek yn werom. De Vries wie sels al in kear matchwinner. Yn desimber 2017 makke hy de winnende goal yn de derby tsjin Harkemase Boys. It binne de wedstriden dy't er it leafst spilet: "It binne de potjes dat it der echt om giet en dy't ekstra leve."

De grutte fraach is hoe't it sneon komt. Wa is de favoryt? De Boer wit it net: "Wy hawwe in bytsje 'inside information' fan Harkema. Der binne wat blessueres en skorsings, haw ik wol heard. Mar, wy binne ek net yn goeie dwaan. Om mar even in iepen doar yn te traapjen: it is in derby hè!"

Foto: Omrop Fryslân

Yn de 'Wedstriid fan de wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de wike'. De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)