Kroätyske klup ferlost Justin Mathieu en Cambuur fan inoar
Justin Mathieu ferlit SC Cambuur. It Kroätyske HNK Gorica nimt de oanfaller oer fan de Ljouwerters. Om't de transferperioade yn dat lân noch net sletten is, kin Mathieu de oerstap noch meitsje. Cambuur ûntfangt in transfersom foar Mathieu, mar de klup wol net sizze hoe heech oft dat bedrach is.
HNK Gorica stiet op it stuit op it fiifde plak op it heechste nivo fan Kroäsië. Der wie earder ek al belangstelling fan in East-Europeeske klup, mar in oergong nei Hongarije gie doe net troch. Mathieu spile yn oardel jier 51 wedstriden foar Cambuur, wêryn't er tolve doelpunten makke.
Hy kaam benammen yn opspraak troch dissiplinêre skorsingen. Ta trije kear ta waard hy út de seleksje set.

De nummer vijf van Kroatië, HNK Gorica, neemt Justin Mathieu over van #Cambuur. De club doet geen uitlatingen over de hoogte van de transfersom.
15 Febrewaris 2019 - 16:14


Justin Mathieu tekent in Kroatië voor 2.5 jaar. Hij speelde in totaal 51 duels voor #Cambuur, waarin hij 12 goals maakte.
15 Febrewaris 2019 - 17:21