Bestjoerder rydt auto yn 'e sleat by Oerterp
Op de N381 by Oerterp is freedtemiddei in bestjoerder mei syn auto yn 'e sleat bedarre. Troch noch ûnbekende oarsaak rekke de persoan de macht oer it stjoer kwyt en ried er sa mei de auto yn it wetter.
De bestjoerder is troch personiel fan de ambulânse kontrolearre en soe dêrnei nei it sikehûs fan Drachten oerbrocht wêze. Wat de persoan krekt mankearret, is net bekend. Fanwegen it ûngelok waard ien helte fan de dyk ôfsletten foar it oare ferkear.
De skansearre auto is troch in berger fuortsleept.