Norofirus by Noorderbreedte Revalidatie yn Ljouwert

By Noorderbreedte Revalidatie yn Ljouwert is it norofirus fêststeld. It giet om twa kliïnten. De opnamen geane gewoan troch mar alle hygiëneprotokollen binne yn wurking steld.
© Google Street View
Neffens in wurdfierder is dat om't der wurke wurdt mei kwetsbere minsken dy't in fermindere wjerstân ha. Besite is wol tastien, mar moat de hannen wol waskje. De wurdfierder hat it oer in 'lytse útbraak'.