Topsifers foar Omrop Fryslân mei rekôrtal reaksjes

15 feb 2019 - 15:41

De Wrâld Radio Dei en de weromblik op de sniewinter fan '79 hawwe dizze wike soarge foar in stoarmfloed oan reaksjes by Omrop Fryslân. Earder dizze wike waard al massaal reagearre op de livestream wêryn't Piet Paulusma lokwinske waard mei syn 25-jierrich jubileum. Yn totaal kamen der hast tûzen reaksjes binnen oer Wrâld Radio Dei en de sniewinter fan '79.

Foto: Omrop Fryslân

Op Wrâld Radio Dei waard goed dúdlik dat radio der noch hieltyd ta docht as medium. Harkers lieten fia persoanlike ferhalen witte wêrom't sy Omrop Fryslân sa wurdearje.

Sa seit Steven Alkema (26) út Harns: "Ik hoech net te witten wat der yn Seelân bart. Dat ynteressearret my net sa. En de lanlike stjoerders pakke it gemiddelde waar fan Nederlân; de Omrop konsintrearret him op it waar fan hjir. Op dizze wize bliuw ik goed op 'e hichte."

Gjin dei sûnder

Fia de app en sms kamen flink wat berjochten binnen. Gerry liet witte dat sy gjin dei sûnder kin: "Sels as ik by myn dochter yn Utrecht bin, sjoch en harkje ik nei de Omrop. Tank foar de prachtige, ynteressante, ynformative en gesellige programma's."

Willem liet witte dat radio syn grutte freon is: "Omrop Fryslân stiet op ien! Ik kin gjin dei sûnder en de Omrop groeit ek mei de tiid mei. Dêr proaste we op!"

Foto: Omrop Fryslân, Henry Drost

Op tongersdei 14 febrewaris wie it 40 jier lyn dat de ferneamde sniewinter plakhie. Op Omrop Fryslân wie dêr de hiele dei omtinken foar. Yn totaal kamen hast tûzen reaksjes binnen op de redaksje.

Sa liet Hennie witte: "Ik lei mei de sniewinter yn it sikehûs Triotel. Wy hiene de hiele dei Omrop Fryslân op de radio. Troch alle hektyk krigen wy gjin bêdeguod mear en wie de molke allinnich noch mar foar de kreamfroulju. Alle besite kaam op de slide nei it sikehûs."

(advertinsje)
(advertinsje)