Soad skea feroarsake by ynbraak yn Koatstertille

15 feb 2019 - 14:32

Ynbrekkers ha yn de nacht fan tongersdei op freed foar in protte skea soarge yn multyfunksjoneel sintrum Tillehûs yn Koatstertille.

Foto: Google Street View

De ynbraak waard freedtemoarn ûntdutsen troch ien fan de gebrûkers fan de akkommodaasje. De ynbrekkers kamen it pân oan de Goudsjeblomstrjitte binnen fia in raam oan de sydkant.

Yn it gebou binne meardere romtes trochsocht en dêrby binne doarren iepenbrutsen. Yn it Tillehûs sitte ûnder oare in hûsdokterspraktyk, in fysioterapeut en de thússoarch.

It Tillehûs wie freedtemoarn net tagonklik, omdat de resjerzje ûndersyk oan it dwaan wie. It is noch net dúdlik wat de ynbrekkers bút makke ha.

(advertinsje)
(advertinsje)