Ljouwert ûndersiket ferlet fan Fryske taal
De gemeente Ljouwert docht ûndersyk nei it gebrûk fan it Frysk yn de gemeente. Dat dogge se by de ynwenners, mar ek by de eigen meiwurkers. De fraach is oft it Frysk better sichtber wêze moat.
Ljouwert komt mei it ûndersyk nei oanlieding fan de taalnota oer it Frysk. De Ljouwerter gemeenteried joech dêrnei oan dat de rol fan it Frysk yn de gemeente better yn byld brocht wurde moat.
Sichtber Frysk
Der komt in wurkgroep mei advys oer hoe't de gemeente mei it Frysk omgiet. Dan giet it oer it gebrûk fan it Frysk yn it kontakt tusken de gemeente en de minsken, de sichtberens fan it Frysk op iepenbiere plakken en it Frysk yn maatskiplike en kulturele aktiviteiten.
De útkomsten fan it ûndersyk ûnder de ynwenners en de gemeentemeiwurkers wurde foar kommende simmer bekend. 4000 minsken yn de gemeente Ljouwert kinne in list mei fragen ferwachtsje.
Meartaligens stimulearje
It advys fan de wurkgroep wurdt yn oktober 2019 foarlein oan de ried. De gemeente wol meartaligens stimulearje.