"Moatst mar net te folle sekskontakten ha, dan hoechst dy prik tsjin limoerkanker ek net"

15 feb 2019 - 13:38

"Je sille der mar in bern oan ferlieze, dan prate je wol oars..." Dat wie ien fan de reaksjes op de Ljouwerter freedsmerk oer it groeiende tal âlders dat har bern net mear faksinearje lit. Yn polityk Den Haach wurdt sels al praat oer in ferplichting en sanksjes foar wa't net wol.

Foto: ANP

Dat gie de measten te fier, mar stevige útspraken wiene der by de rûs: "Wie niet wil vaccineren moeten ze opsluiten, want het is levensgevaarlijk!" En: "Wie niet vaccineert is even slim als iemand die denkt dat de aarde plat is."

Mar tsjinstanners wiene der ek: "Der bin in soad ferhalen oer bern dy't der stûpen fan krije. Kinst neigean wat foar troep dêr yn sit. En boppedat: polio, dat komt dochs eins net mear foar?"

Freedsmerk oer faksinaasje

In hiel persoanlik ferhaal kaam fan in 40-jierrige frou dy't op har twadde harsenfluesûntstekking krige. "It hat kantsje board west. Ik soe dat nimmen tawinskje wolle. Oant hjoed ta hat dat noch ympakt op my."

Ik sei: no leave, do moatst mar net te folle wikseljende sekskontakten ha, dan hoechst dy prik tsjin limoerkanker ek net.

In heit op de freedsmerk

In heit fertelde dat syn bern wol ynintsje wiene, mar syn dochter net tsjin limoerkanker (baarmoederhalskanker). "Ik sei: no leave do moatst mar net te folle wikseljende sekskontakten ha, dan hoechst dy prik tsjin limoerkanker ek net." De tasseman makke der koarte metten mei: "Verplicht vaccineren en verder geen gelul!"

Trefwurden: 
freedsmerk faksinaasjes
(Advertinsje)
(Advertinsje)