Histoaryske ferhalen oer De Lemmer socht foar in boek

15 feb 2019 - 12:51

Yn it boek 'Een kuier door het oude Lemmer' komme ûnder oare ferhalen oer de tiid fan de fiskerij en it ôfsluten fan de Iselmar.

Histoaryske ferhalen oer De Lemmer socht

De skriuwers krije stipe fan ûnder oare filmmakker Pieter Verhoef, de striptekeners fan Onder de Hoek en Stichting Ald-Lemmer. Se hawwe al mei in soad Lemsters praat om harren ferhalen op te tekenjen en gean derfoar lâns by fersoargingshuzen en by minsken thús.

Wat komt Bauke Deelstra tsjin?

Ferhalen socht

De skriuwers sykje noch hieltyd Lemsters dy't harren ferhaal kwyt wolle. It giet dan benammen om minsken dy't krekt bûten it doarp wenje en Lemsters dy't net langer yn it doarp wenje. Wa't meiwurkje wol, kin him as har oanmelde fia de Facebookpagina dy't spesjaal foar it boek oanmakke is.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Bauke Deelstra op De Lemmer

(Advertinsje)
(Advertinsje)