Ferkeap fan obligaasjes foar nije Ljouwerter feemerk rint goed

Al mear as de helte fan de obligaasjes foar de nije feemerk yn Ljouwert is ferkocht. Mei dy obligaasjes moat in miljoen euro ophelle wurde. Stichting Veehandelcentrum Noord-Nederland wol mei dat jild de ferhuzing fan de feemerk fan it WTC Expo nei it nije gebou oan de Siriuswei yn Ljouwert betelje.
Ferkeap fan obligaasjes foar nije Ljouwerter feemerk rint goed
Op it stuit stiet de hal op yndustryterrein De Hemrik noch leech. De hal is in grutte 'galmbak'. "Ik bin benijd hoe't dat is as der aanst kij rinne", seit Andries Kingma, foarsitter fan de stichting. "Ik tink dat it mei in pak strie wol oars is." It folsleine terrein is hast 20.000 kante meter grut. Dêrfan is 3.500 kante meter al beboud en der komt nochris 1.000 kante meter by. Dat wurdt it plak dêr't tenei laden en lost wurde kin.

Gjin romte mear

No wurde de kij ferhannele yn it WTC Expo. Mei de plannen dy't der binne foar it nije Cambuurstadion, de bou fan in bioskoop en tal fan oare aktiviteitesintra is der gjin romte mear foar de feemerk. Dy romte is der wol op De Hemrik, seit Kingma. "De lokaasje hjir oan de râne is poergeskikt. We tinke dat we hjir kwealik foar oerlêst soargje, sa oan it ein fan de stêd."
De feemerk no © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
De romte jout bettere mooglikheden foar it bistewolwêzen. Yn de âlde feemerk wurdt in part fan de kij fêstbûn oan stangen en binne der in pear hokken dêr't se frij omrinne kinne. Yn de nije hal is romte genôch en hoege de kij net mear fêstbûn te wurden. Kingma: "We kinne dit pân folle better ynrjochtsje. De regeljouwing is no wat feroare en dat jout ús de mooglikheid om mear aktiviteiten op te setten."
Sa wurdt it yn de takomst mooglik om weidkij te ferhanneljen dy't wer nei melkfeehâlders kinne. "We hoopje dat dy dan letter as slachtkij wer werom komme", seit Kingma. Ek nimt de fraach fan melkfeehâlders nei jongfee út Dútslân ta. "Der is de lêste jierren in soad fee ôfstjitten. Je sjogge no dat der tekoarten ûntstean en dat de kij út Dútslân helle wurde foar de hannel."
Foarsitter Andries Kingma fan de stichting Veehandelcentrum Noord-Nederland

3,5 miljoen euro nedich

Mei-inoar is sa'n 3,5 miljoen euro nedich foar de oanskaf en ferbouwing fan de nije hal. In part wurdt opbrocht mei de ferkeap fan obligaasjes. In wike lyn binne de earste obligaasjes útjûn. "Binnen in pear dagen wie mear as de helte al ferkocht", seit finansjeel adviseur Daniël Keizer. "Der sit in rinte op fan 4 persint. It earste part is ferkocht oan minsken ticht op de feemerk, de hannelers bygelyks. No sette we it fierder út om ek de rest fan it jild byinoar te krijen."
As alles neffens plan ferrint, wurde de earste kij ein dit jier ferhannele op De Hemrik yn Ljouwert.