Hoe moat it no fierder yn De Fryske Marren?

15 feb 2019 - 11:50

It kolleezje fan boargemaster en wethâlders yn De Fryske Marren is stroffele oer sânwinning yn de Iselmar. Mar hoe moat it no fierder? It betrouwen fan koälysjepartijen CDA en VVD yn de tredde partij, de FNP, is opsein.

Hoe moat it no fierder yn De Fryske Marren?

De fraksjefoarsitters fan de trije koälysjepartijen hawwe tongersdei oerlis hân, mar dat smiet neat op. FNP stimde woansdei tsjin de sânwinning en foar VVD wie it gau dúdlik: dan kin der net mear gearwurke wurde.

"Ze hadden al aangegeven tegen te stemmen en dat hebben ze waargemaakt", seit Olaf Storms fan de VVD. "In de coalitie heb je elkaar nodig en maak je afspraken om je eraan te houden. Als je dat niet doet, moet je daarover in overleg gaan en niet zomaar tegen stemmen."

Betrouwen is fuort

It betrouwen is fuort, seit de VVD'er. "Het gaat erom dat je met elkaar samenwerkt. We hadden een goed akkoord met drie partijen." De VVD wol miskien wol fierder mei it CDA, al wol Storms dêr net in soad oer sizze. "Met het CDA hebben we deze ervaring in ieder geval niet, laat ik het zo zeggen."

Foto: Age van der Bles

Ek it CDA seit dat it sa net fierder kin. "Wy binne der net út kaam mei de FNP", seit fraksjefoarsitter Jan van Zanden. "Benammen rjochting de takomst lizze der noch in soad dossiers. Dan wolle wy wol neist inoar stean. As je ôfspraken net neikomme... Dêr leit dochs de basis foar it betrouwen. We seagen de kâns grut dat dit wer barre soe."

'Parseberjocht al klear'

FNP'er Jan Volbeda wie fernuvere. Al foar it petear fan tongersdeitemiddei hiene it CDA en de VVD al in parseberjocht klear lizzen, seit Volbeda. "Se hiene al oerlis hân mei harren fraksjes. Ik bin it petear begûn mei de fraach oft se noch fierder woenen, mar it antwurd wie 'nee'. Der wie gjin kâns mear foar in posityf antwurd."

No't it kolleezje klapt is, sil de FNP derút gean. Mar op hokker wize dat bart, is noch net dúdlik. "De wethâlders sille net mear diel útmeitsje fan it kolleezje. Mar stappe se ut harren sels op? It kin ek sa wêze dat it CDA en de VVD it opsizzen fan it betrouwen yn de FNP yn de ried befêstiget en de wethâlders dan fuort stjoert. Dat is ek in opsje."

(Advertinsje)
(Advertinsje)