Foarsichtich optimisme by SC Hearrenfean: "Zes jaar thuis niet verloren van PSV"

SC Hearrenfean krijt sneon de koprinner fan de earedifyzje, PSV, op besite yn it eigen stadion. De ploech út Eindhoven is de regearjend kampioen en is hurd op wei dy titel te prolongearjen. De foarsprong op nûmer twa Ajax is oprûn nei 6 punten. Foar Hearrenfean binne der oare soargen, al is der nei it fertoande spul tsjin PEC Zwolle (1-1) wol reden foar wat optimisme.
Interview Olde Riekerink
"Tegen PEC Zwolle was er ook interactie met het publiek. Dat hebben we veel te lang gemist. Dat lag ook aan onszelf, maar er zit vertrouwen in de ploeg", sa seit trainer Jan Olde Riekerink. "Je zoekt wekelijks de beste strategie, maar je moet er wel rekening mee houden, dat PSV samen met Ajax de competitie domineert. Maar in dit soort wedstrijden kun je heel goed gebruik maken van de omschakeling."

Unferslein

De lêste 6 seizoenen hat Hearrenfean net mear yn it Abe Lenstra Stadion ferlern fan PSV. It lêste ferlies yn in kompetysjeduel wie op 18 desimber 2011 (1-5). "Je haalt me de woorden uit de mond", sa seit Olde Riekerink. "Dat ze het hier altijd moeilijk hebben, dat wist ik. Zes jaar al niet gewonnen, dan zou het mooi zijn er nog een zevende aan vast te plakken."
Jizz Hornkamp kriget opnij in basisplak fan Olde Riekerink en stiet opnij rjochts yn 'e ferdigening. Ferline wike hie de omturnde oanfaller it dreech tsjin PEC Zwolle-oanfaller Mike van Duinen. "Ik moet hem (Mike van Duinen, red.) eigenlijk gewoon voor me houden. Nu stap ik twee of drie keer in en dan gaat hij me voorbij. Dat zijn momenten waar ik van moet leren", seit Hornkamp.
Tsjin PSV hat Hornkamp te krijen mei Steven Bergwijn. "Da's een mooie uitdaging. Hij heeft een goede actie in huis, hij is snel, maar ik moet gewoon op het juiste moment toeslaan."
Jizz Hornkamp

Degradaasjefuotbal

Hearrenfean stiet op it 15e plak mei noch mar ien punt boppe de degradaasjestreek. Nei dit wykein soe it samar sa wêze kinne dat Hearrenfean ûnder de reade streek stiet. Dochs wol Olde Riekerink it net ha oer 'degradaasjefuotbal'. "Als je de laatste drie wedstrijden daar nog staat, dan ga je echt degradatievoetbal spelen. Maar daar gaan we pas over praten als we daar aan het einde van de rit nog steeds staan."
PSV prestearret goed yn útwedstriden. De ploech út Eindhoven wûn 7 fan de 10 útwedstriden. Der waard dit seizoen allinnich ferlern by Feyenoord. De lêste twa útwedstriden, tsjin FC Emmen en FC Utrecht, einigen beide yn in 2-2 lyk spul.
De wedstriid SC Hearrenfean-PSV begjint sneontejûn om 19.45 oere en stiet ûnder lieding fan skiedsrjochter Jochem Kamphuis.
Wierskynlike opstelling: Hahn, Hornhamp, Høegh, Pierie, Woudenberg, Rienstra, Schaars, Vlap, Van Bergen, Lammers en Mihajlovic.