Turnster Sanne Wevers mist EK fanwegen blessuere

15 feb 2019 - 10:33

Turnster Sanne Wevers fan It Hearrenfean komt yn april net yn aksje op it EK turnjen yn Poalen. De olympysk kampioene op 'e balke hat al lange tiid lêst fan in blessuere oan har heupe en skonk.

Foto: www.orange-pictures.nl

Wevers hat dêrom net in soad traine kinnen en hopet mei rêst wer better te wurden foar it WK. Dat wurdt yn oktober holden yn it Dútske Stuttgart.

Goud op EK

Foarich jier simmer pakte Sanne Wevers yn Glasgow de Europeeske titel op 'e balke.

(advertinsje)
(advertinsje)