Kollum: "In deade boel"

"Doe't Jelle lêst by de keukentafel siet te krantlêzen seach er in bekende namme by de rou-advertinsjes stean. Dat wie hiel tafallich, want as wy de krante lêze, binne wy net sa bot dwaande mei dy siden. Der binne lju dy't soks as earste lêze, mar ik ha der neat mei.
Hilda Talsma © Omrop Fryslân
De toan fan Hilda Talsma
Ik kom se fansels wol tsjin, mar sjoch allinnich as ik in namme werken en dan freegje ik my altyd ôf wêrom't immen yn 'e krante stean moat as er ferstoarn is. "Ik hoech der net yn, hear", sei ik en dat mien ik ek. Dêr komt by dat ik dy advertinsjes ek fierstente djoer fyn. Skrikst dy hast al dea ast hearst wat in pear aardige wurden kostje moatte.
De iene syn dea is de oar syn brea en it jild moat dochs earne weikomme. Mar ik fyn it stom dat ast dyn hiele libben lid west hast fan in krante, dast dan ek noch betelje moatst ast sels de lêste letter fan it alfabet útblaasd hast.
In roukoets mei in pear prachtige Fryske hynders derfoar, sprekt wol ta myn ferbylding, mar de dea is op dit stuit net de ein fan de rit foar my. As it safier is, tink ik der miskien oars oer, no ha ik it gefoel dat we wer nei de boarne geane dêr't it allegearre begjint.
Minsken en bisten dy't yn myn famylje stoarn binne, binne foar myn gefoel ek net fuort. It is net sa dat ik geasten sjoch, mar ik ha al it idee dat ik harren wol wer tsjinkom. Gesellich efkes byprate en rabje oer de lju dy't noch libje; it soe samar kinne. Ik leau ek yn reynkarnaasje. Hoe en wat presys wit ik net, mar ik tink wol dat we mear libbens ha as ien.
Dochs wurd ik ek wolris wurch fan dat idee. Ik ha oant no ta in hiel moai bestean mar om no wer hielendal op 'e nij te begjinnen? Dêr ha 'k op dit stuit echt gjin ferlet fan, hear. En it liket my ek wolris aardich om in ingel te wêzen of sa. Gewoan efkes yn oare sfearen ferkeare en fiele hoe't dat is.
De dea is it iennichste dat wis is yn it libben en elkenien giet der oars mei om. Guon kultueren rouwe dagen oanien, oaren fiere feest en hjir krigest kofje mei cake. As it safier is, dan wurd ik kremearre mar ik fyn it krematoarium it meast ûngesellige hok dat der is. Dan ha ik mear mei de wize wêrop't bygelyks de Fikings it diene; yn in boat op strie, blommen en blêden it wetter op treaun wurde en dan mei pylken de hiele boel yn 'e brân sjitte.
It soe hjir moai yn 'e Alde Feanen kinne, mar soks sil wol wer net meie dus it sil wol op sa'n saai krematoarium útdraaie. Mar yn plak fan cake, kriget elkenien in bakje patat, want dat mei ik altyd graach op 'e merke ite én in bakje tee want kofje mei ik net. Ik hie it der lêst ek oer mei ús mem en sy sil in brief skriuwe oer hoe't se it ha wol en se wol ek net yn 'e krante.
Foar no hoopje ik fansels dat ik hjir noch wol in skoftsje bin, mar it libben jout gjin garânsjes, útsein ien. En myn útfeart sjoch ik dochs it leafste yn 'e Alde Feanen, dus miskien moat ik alfêst mar in fergunning oanfreegje en hjir en dêr wat amtners omkeapje. It sil al mei al wol djoerder wurde as in advertinsje, bin 'k bang. Mar dat is myn probleem dan net mear."