Ljouwerter rydt 53 kilometer te hurd

15 feb 2019 - 07:08

In 37-jierrige automobilist út Ljouwert is tongersdei op de Bûtlânswei yn Jirnsum oanhâlden om't hy 53 kilometer te hurd ried op de 60-kilometerdyk.

Hurdrider - Foto: Shutterstock.com

Gewoanwei wurdt dan it rydbewiis ynfoardere, mar yn dit gefal koe dat net om't bliken die dat dit earder al ûnjildich ferklearre wie. Der is proses-ferbaal tsjin de Ljouwerter opmakke.

Trefwurden: 
Ljouwert Jirnsum rydbewiis
(advertinsje)
(advertinsje)